Feanster berger oer ravaazje kettingbotsingen âldjiersnacht: "Niet normaal, zo druk"

03 jan 2020 - 18:03

Bergingsbedriuwen binne dizze dagen noch altyd drok dwaande mei alle auto's dy't belutsen wiene by de ferskate kettingbotsingen yn de âldjiersnacht op de A32 en de A7. Yn tichte mist botsten tsientallen auto's opinoar en in frou út Dokkum kaam om it libben op de sneldyk by Akkrum. Om alle auto's te bergjen, holpen ferskate bedriuwen út Snits, Ljouwert en It Hearrenfean.

Abnormaal drok

By ien fan dy bedriuwen, Hof op It Hearrenfean, stiet eigener Jakob Hof noch tusken de autowrakken. Hy hie syn terrein fol stean mei auto's. Neffens him wie it âldjiersnacht abnormaal drok. Se ha nachts oant fiif oere trochwurke. "Niet normaal, zo druk. De aantallen en de mist maakten het moeilijk om te werken", seit Hof.

Om't se ek de dyk op moatte wylst it eins net ferantwurde is, tinke se by it bergingsbedriuw ekstra goed om de feilichheid. "Ja, wat moet ik daar van zeggen", fersuchtet Hof op de fraach hoe it is om sa te wurkjen. "Je drukt iedere werknemer op het hart om extra voorzichtig te zijn. Rijd rustig en pas je snelheid aan."

Wurk is oars as oars

Op it plak fan it ûngelok wie it wurk oars as oars. Gewoanwei kinne de bergers mei de bestjoerders sa de skea ôfhannelje en harren útlizze wa se dwaan moatte. No moast de plysje earst alles op oarder bringe, om in byld te krijen wat der no krekt bard wie. "Dan heb je eerst niet zoveel te doen en sta je te kijken tot zij klaar zijn. Dat maakte deze situatie wel uniek."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Net werkenber

Dat de situaasje unyk wie, docht wol bliken út in rûnlieding fan Hof by syn bedriuw. Achter in stek steane ferskate auto's dy't by de botsingen belutsen wiene. In Mini, Audi en VW binne folslein ûnwerkenber wurden troch de impact. "Bij de Mini zie je dat die tussen twee andere auto's in heeft gezeten, want er is voor en achter ook schade." In lytse Peugeot dêrneist hat deselde skea. "Hier ligt de voorkant er ook uit, maar gelukkig is er bij de bestuurderskant niks aan de hand", seit Hof wylst hy by de auto delrint.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach by bergingsbedriuw Hof op It Hearrenfean

Eigeners

Alle auto's op it terrein fan it bergingsbedriuw ha fansels in eigener. Om dy te finen is lestich, mar dêr binne se by Hof drok mei dwaande. "Je bent met de politie in contact om alle auto's weer bij de rechtmatige eigenaar te krijgen."

Fan de fyftich auto's dy't binnen brocht binne de ôfrûne dagen, binne hast alle eigeners fûn. "Ik krijg zojuist zelfs een telefoontje dat we bij de laatste auto ook een eigenaar gevonden hebben. Dus ons werk zit er nu op", seit Hof wylst hy mei in heftruck de lêste auto op de bergingswein tilt.

Trefwurden: 
A7 Akkrum skea A32 kettingbotsing
(advertinsje)
(advertinsje)