Plysje pakt strjitrôvers op

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat twa strjitrôvers op de died betrape. It giet om in 26-jierrige man út Seisbierrum en in 32-jierrige Ljouwerter. De manlju wurde fertocht fan it berôven fan in 32-jierrige man út Minnertsgea. De twa manlju pakten yn Ljouwert it slachtoffer fan syn mobile tillefoan en beurs ôf.
It duo wurde ek fertocht fan in berôving fan ferline wike tiisdei. Doe bedrigen se yn Ljouwert by in pinautomaat in 29-jierrige frou út dy stêd. De manlju hawwe ûndertusken bekend. De plysje slút net út dat se mear berôvings pleegd hawwe.