Fryske boargemasters wolle fjoerwurkferbod lanlik regele ha

In fjoerwurkferbod moat lanlik regele wurde. Dat fine de Fryske boargemasters. Ut in belronde docht bliken dat se hast allegear wol foarstanner binne fan in ferbod, mar dat it mar de fraach is oft sa'n ferbod wat oplost.
Fryske boargemasters wolle fjoerwurkferbod lanlik regele ha
De oplossing leit earder yn de mienskip sels. Op plakken dêr't minsken mei-inoar op ferantwurde wize fjoerwurk ôfstekke, sa sizze ûnder mear boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân en Marga Waanders fan Waadhoeke.

Net lokaal regelje, mar lanlik

Lanlik is der in oantal politike partijen dat fynt dat der in fjoerwurkferbod komme moat. Oare partijen fine dat it lokaal regele wurde moat. Net ien fan de Fryske boargemasters sjocht dêr heil yn. Oebele Brouwer fan Achtkarspelen seit dat soks allinnich mar symboalysk wêze soe. It is neffens him net te hanthavenjen.
Dat seit ek boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel. Hoewol't hy foar in ferbod op knalfjoerwurk is, is hy wol foarstanner fan it karbidsjitten. Dat smyt neffens him weardefolle moetingen op binnen doarpsmienskippen.
Boargemaster Hayo Apotheker kin him dêr ek yn fine. Sels tinkt hy dat it krijen fan draachflak foar in fjoerwurkferbod in saak wurdt fan in lange azem. "It is in tradysje en dat feroarje je net gau." Hy sjocht dat op in soad plakken lytse inisjativen ûntstean dy't foar in soad wille soargje. "It yndividuele giet der wat fanôf. Minsken stean op in plein en der is dan in heit dy't dêr op ferantwurde wize moai sierfjoerwurk ôfstekt. Dat jout dan in hiel sfearfolle jierwiksel", sa seit Apotheker.
© ANP
Ferslachjouwer Hayo Bootsma
Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf tinkt ek net dat in ferbod de oplossing is. "Ik fernim dat in soad minsken nei Dútslân ride om dêr fjoerwurk te keapjen. Wolle je dêr wat tsjin dwaan, dan moatte je strang kontrolearje by de grins. Wolle je wat berikke dan moat dat echt fanút de mienskip sels komme." Jan Rijpstra fan Smellingerlân is it mei him iens. "Daar moet je de tijd voor nemen. Het is pas handhaafbaar als er draagvlak is. En wil je dan echt handhaven, dan moet er landelijk een en ander goed geregeld worden."