Fytser swier ferwûne nei botsing mei auto yn De Westereen

In fytser is freedtemiddei swier ferwûne rekke op de Lysterstrjitte yn De Westereen. De fytser kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in auto yn it doarp. De ferwûningen liken sa earnstich, dat ek de traumahelikopter oproppen waard.
© De Vries Media
Neist de traumahelikopter, kamen der twa ambulânsen en meardere plysjes nei it plak fan it ûngelok. Oer de ferwûningen koe de plysje noch gjin útspraken dwaan. It slachtoffer is stabilisearre en dêrnei yn de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs UMCG yn Grins.
De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto kaam mei de skrik frij.