SC Cambuur driget Kallon kwyt te reitsjen

De kâns is grut dat Issa Kallon nei dit seizoen fuortgiet by Sportklup Cambuur. De oanfaller hat in kontrakt dat oer in healjier ôfrint. De Ljouwerters begjinne freed, mei Kallon, oan de twadde seizoenshelte. De seleksje stapt yn de bus foar in trainingskamp yn Epe.
© Orange Pictures
Cambuur hat de bûtenspiler twa oanbiedings dien om syn ôfrinnende kontrakt te ferlingjen, mar dêr is Kallon mei syn saakwaarnimmer net op yngien. Dochs seit er wol by Cambuur bliuwe te wollen. Sûnt oktober is Cambuur dwaande om it kontrakt te ferlingen en nei eigen sizzen is de klup dêryn fier gien. As Kallon gjin nij kontrakt tekenet, betsjut it dat er oankommende simmer fergees nei in oare klup oerstappe kin.

"Ferdigener yn byld"

De hjoeddeistige koprinner fan de earste difyzje sil him mooglik noch fersterkje mei in rjochterferdigener. Troch de blessuere fan Jordy van Deelen is Doke Schmidt de iennige rjochtsback yn de seleksje. Tristan Dekker fan VVV-Venlo soe dêrfoar yn byld wêze by Cambuur, mar technysk manager Foeke Booy fan SC Cambuur wol dêr neat oer sizze: "Ik ga niet in op namen".