Fierstente folle reeën op It Amelân: behearder en gemeente lûke oan de bel

03 jan 2020 - 14:05

Se kamen oarspronklik hast net op it eilân foar, mar it binne der yntusken fierstente folle. De populaasje reeën op It Amelân is de ôfrûne jierren sa bot groeid, dat der hieltyd mear bisten oanriden wurde. De Wildbeheereenheid Ameland en de gemeente lûke oan de bel by Faunabeheereenheid Fryslân en de provinsje.

Foto: I. Przykuta, Wikipedia

De wichtichste oarsaak fan de eksplosive groei fan it tal reeën leit neffens de Wildbeheereenheid yn it tal bisten dat se jierliks ôfsjitte meie. Dat wiene altyd sa'n 55 reeën yn it jier, mar trije jier lyn waard dat tal, op lêst fan de Faunabeheereenheid Fryslân, mei de helte fermindere.

Klaas Nagtegaal fan de Wildbeheereenheid Ameland

Wêrom dat krekt moast, wit foarsitter Klaas Nagtegaal fan de Wildbeheereenheid Ameland net. "Maar door het korten op het afschieten zijn het er inmiddels veel te veel geworden. Vorig jaar werden er 198 reeën geteld op Ameland. Daar mag je gerust nog de helft bij optellen. We zitten nu op zo'n 300 reeën. En dat terwijl er maar leefruimte is voor tussen de 100 en 150 herten."

Agressive reeën

As der tefolle reeën komme, ferjeie de bisten inoar út harren territoarium. Se swalkje en komme bygelyks faker op diken telâne. Oer 2019 wiene der yn totaal 21 deadlike oanridingen mei reeën. It betsjut ek dat de harten hieltyd tichter by de doarpen op it Amelân komme. "We zien zelfs dat reeën in de dorpen komen en daar agressief zijn tegen honden en mensen. Dat terwijl de ree normaliter een schuw dier is."

De Wildbeheereenheid hat al meardere kearen kontakt socht mei de Faunabeheereenheid Fryslân, dy't út namme fan de provinsje it behear docht. Ek de boargemaster fan It Amelân hat in brief skreaun.

Neffens de Faunabeheereenheid Fryslân meie der op It Amelân nei 13 jannewaris wer ferskate reeën ôfsketten wurde. De Wildbeheereenheid kin dêrnei oant 1 april in wurkplan yntsjinje om eventueel mear harten te sjitten.

Faunabeheereenheid: mooglik bystelle

Sekretaris Robbert de Vries seit dat it oantal reeën dat sketten wurde mei, nei ûnderen bysteld is, neidat der yn de Twadde Keamer diskusje ûntstie. Hy seit dat de Faunabeheereenheid goed nei de situaasje op it Amelân sjen sil en dat it net ûnlogysk is om it oantal dat sketten wurde mei wer wat yn de hichte by te stellen.

Mar de Wildbeheereenheid op It Amelân moat ek goed oanjaan oft der ek alternativen binne. De Vries tinkt dan bygelyks oan it ferleegjen fan de snelheid op dy plakken dêr't oanridingen west hawwe mei reeën.

Foar Nagtegaal is de oplossing dúdlik: "We moeten terug naar een afschot van 55 stuks per jaar. Daarmee kunnen we kijken of we het weer onder controle kunnen krijgen".

Sekretaris Robbert de Vries fan de Faunabeheereenheid Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)