Freedsmerk oer in fjoerwurkferbod: "Ferbied it mar!"

03 jan 2020 - 13:27

"It gedoch mei fjoerwurk rint út de hân, ferbied it mar!", dat wie ien fan reaksjes op de freedsmerk op in folslein fjoerwurkferbod. "It is libbensgefaarlik, der falle deaden en der is in soad skea. Gekkewurk!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In oar fertelde dat hy it eartiids prachtich fûn, mar der no - fanwegen al dat gedoch - wol klear mei is. Ien fan de keaplju wie ek earlik oer himsels: "Ferline jier gie it by ús ek mis. Doe foel it potsje om en fleagen de fjoerpylken de gong yn. Unferantwurde fansels, mar ja, de drank yn de man, no..."

De foarstanners fan in ferbod hawwe wol noed oer it hanthavenjen dêrfan. "Dat is net te dwaan. Eltse knal in bon!" Twa senioaren wiene net bepaald te sprekken oer de plysje: "Se smite dy dingen op 'e galery, je skrikke je dea. Mar in smeris sien je noait! En it bin oek gien kienders hè, it bin dertigers. Niet normaal!"

De measten tinke dat organisearre fjoerwurkshows de oplossing binne. "In moai feest yn alle doarpen en stêden mei in show dy't troch de gemeente organisearre wurdt, litte we dat mar ris besykje."

Ferslachjouwer René Koster frege op de merk nei in fjoerwurkferbod

(advertinsje)
(advertinsje)