Boere-aksjegroepen krije driichbrief: frontfroulju geane der oars mei om

03 jan 2020 - 11:01

Aksjegroepen Farmers Defence Force, Agractie en Belangen Agrarysk Fryslân hawwe in anonime brief krigen dêr't nei harren sizzen bedrigingen en in ultimatum yn steane. "Als jullie niet inbinden, wordt elke boerderij in Nederland in 2020 een potentieel doelwit voor sabotage en zelfs brandstichting. Dan mobiliseren wij onze netwerken," stiet yn de brief oan de boereklups.

De brief is ûndertekene mei fjouwer ôfkoartingen: MTV, ER, EM en DBF. Dy soene stean foar guon netwurken. De boere-aksjegroepen roppe boeren op om wach te wêzen. Stichting Belangen Agrarysk Fryslân seit oanjefte dien te hawwen.

Yn it dokumint stiet dat de boeren mei harren trekkers 'heil zoeken' yn 'puur terroristische acties.' De oerheid soe der neat oan dwaan, mar neffens de skriuwes is de grins neffens har no berikke. "Wij gaan jullie arrogantie, ontkenning, onwil en terreur niet met lede ogen aanzien."

De brief - Foto: Agractie

Op 24 desimber besoarge

De brief is al op 24 desimber besoarge by de partijen. Sa ek by Farmers Defence Force, dêr't Jitty van der Werf fan Hitsum doe yn it bestjoer siet. Sy is letter út Farmers Defence Force stapt en hat Belangen Agrarysk Fryslân opset. Yn de ôfbylding fan de brief binne ferskate regels skrast. Neffens Sieta van Keimpema soe dat wêze om't de taal tige skokkend is.

Frontfroulju tinke der oars oer

Sieta van Keimpema fan Nes hat as frontfrou fan Farmers Defence Force besletten gjin oanjefte te dwaan. Neffens har is der goed kontakt mei de plysje en wol sy it graach by de plysje lizze litte. It nei bûten bringe soe allinne mar mear opskuor en problemen jaan. Sy wol gjin oalje op it fjoer smite.

Jitty van der Werf tocht dêr lykwols oars oer. Sy fynt de brief sa serieus dat sy wol oanjefte dien hat, út namme fan alle boeren. Ek op advys fan de offisier fan justysje, dêr't sy mei sprutsen hat.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer hat kontakt hân mei Jitty van der Werf en Sieta van Keimpema

(advertinsje)
(advertinsje)