Ferwûne by stekpartij Ljouwert

10 jul 2012 - 10:05

In man fan 44 jier út Ljouwert is moandeitejûn yn syn wenplak swier ferwûne rekke by in stekpartij. De plysje krige in melding fan in fjochtpartij yn de Aert van der Neerstraat. Dêr seagen se it swierferwûne slachtoffer op strjitte lizzen.

Ut de boskjes kaam in man mei bloed oan 'e hannen. Neffens tsjûgen wie dizze 30-jierrige Ljouwerter belutsen by de fjochtpartij. Op it buro fûn de plysje in mes by de man. De fertochte is fêst setten. It slachtoffer waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)