Mulder en Flokstra bliuwe ek takom seizoen by kuorbalklup LDODK

De technyske lieding oer de seleksje fan kuorbalferiening LDODK mei foar it tredde jier op rige bliuwe by de klup. Henk Jan Mulder en Jan Jouke Flokstra hawwe harren kontrakt mei LDODK/Rinsma Modeplein ferlinge mei in seizoen.
© LDODK/Rinsma Modeplein
Net allinne it bestjoer, mar ek de spilers fan de seleksje binne bliid dat de manlju by de klup bliuwe. Mulder: "Dat kwam goed uit, want dat was ik ook zelf van plan. Ik vind namelijk dat mijn werk bij deze mooie club nog lang niet af is. Daarnaast ben ik erg blij dat Jan Jouke ook volgend seizoen bij de selectie betrokken blijft. Ik zeg niet dat ik niet zonder hem kan, maar het scheelt niet veel."
Njonken dizze twa manlju binne ek Marjo de Haan en Bart Jan Scheenstra part fan de technyske staf fan de kuorbalklup fan De Gordyk en Terwispel.