UPDATE: Stroomsteuring yn Noardeast-Fryslân wer oplost

03 jan 2020 - 10:25

Sa'n 600 húshâldens yn Noardeast-Fryslân sieten freedtemoarn sûnder elektrisiteit, dat hat netbehearder Liander bekendmakke. It gie om adressen yn Ie, Kollum, Aldwâld en Westergeast. Neffens Liander soe it gean om in 'spontane steuring'. Hoe't dy ûnstean koe is noch net dúdlik. Krekt nei 11.30 oere wie de steuring wer oplost.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)