Bobslider Dennis Veenker tige wiis mei stipe fan grutte sponsor

03 jan 2020 - 11:00

It bobslydteam fan Dennis Veenker út Damwâld hat der in grutte nije sponsor by: it TeamKPN Sportfonds. Mei it jild kinne de bobsliders har dit jier better tariede op it WK yn febrewaris, in wichtich kwalifikaasjemomint foar de Olympyske Spelen fan Beijing 2022.

Veenker is ûnderdiel fan it bobslydteam fan piloat Ivo de Bruin. Fierder bestiet it team út Joost Dumas, Janko en Jelen Franjic. Se binne bliid mei it jild fan it fûns. "We zijn als bobsleeteam heel erg afhankelijk van bijdragen van bond en eigen sponsoren", seit it team. "Dankzij de samenwerking met het TeamKPN Sportfonds hebben we nu ook de extra middelen. Hiermee kunnen we investeren in de benodigde ondersteuning om onze ambitie richting Beijing te realiseren."

It bobslydteam sil it jild stekke yn it trainingsprogramma, wedstriidtarieding en materiaal. Boppedat sille se sjen nei in fysioterapeut en in assistint-trainer, om it nivo omheech te bringen.

Jild foar teamsporten

It fûns fan KPN is foar teamsporten yn Nederlân, benammen foar sporten dy't sportbûn NOC*NSF net ta de 'fokussporten' rekkenet. Dy sporten krije minder finansjele stipe fan it bûn. It KPN-fûns stelt takom jier yn totaal 100.000 euro beskikber foar guon teams.

Veenker: 'It is echt super'

"It is geweldich dat der in sponsor by is," seit Veenker. "Dat skeelt in soad yn budzjet en yn wat wy dwaan kinne. Wy hiene in grut budzjettekoart foar it hiele seizoen. As dan sa'n sponsor komt, dan is dat echt super. Om hoefolle jild it giet wit ik net krekt, mar it is genôch om it seizoen ôf te meitsjen. En de kâns is oanwêzich dat sy langer oan board bliuwe."

It jild sil benammen foar de fasiliteiten brûkt wurde, jout hy oan. "Begelyks it iten of de hotels dêr't wy yn sliepe. It reizgjen. Wy moatte ek nochris nei Letlân, dat is twa dagen riden, mar no kinne wy miskien it fleantúch pakke." It kin in kwalifikaasje tichteby bringe, tinkt hy. "Wy moatte ús kwalifisearje yn 2021-2022, mar as wy no al úteinsette mei in goed programma, dan komt kwalifikaasje yn teory wol in stik tichteby."

Foto: Dennis Veenker

Bobslider Dennis Veenker

Jild wie altyd in probleem, sei Dennis Veenker earder dit seizoen. It team liet in wedstriid yn Amearika sjitte omdat se it finansjeel net rûn krije koene. "We ha gewoan net genôch omtinken en bekendheid om it echt fan de grûn te krijen", sei er doe. "Wylst de prestaasjes prima binne."

Foto: Dennis Veenker
(advertinsje)
(advertinsje)