Kollum: "Ferskil moat der wêze"

03 jan 2020 - 08:18

"Manlju en froulju: in wrâld fan ferskil en dochs moatte we gelyk wêze. Neffens my kin dat hielendal net. Deselde rjochten en kânsen is in oar ferhaal, mar as immen ropt dat wy gelyk binne, dan bin ik it dêr net mei iens! Der binne fansels altyd útsûnderingen, mar oer it algemien is de hormoanhúshâlding fan beide sa ferskillend, dat we noait itselde wêze kinne. Ik kin no wol in hiele rige mei ferskillen opneame, mar ik hâld it efkes by twa.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Aldjiersdei is bygelyks ien fan dy dagen dêr't it ûnderskied wer goed nei de oerflakte komt. Wy hiene karbidsjitten op it sportfjild mei in freugdefjoer dêr't jong en âld omhinne stie, mar it binne de lytse jonkjes oant de folwoeksen keardels dy't dêr echt fan genietsje. De famkes en memmen steane der wol by, mar dy smite net in trekkerbân op it fjoer en se hawwe de bûsen ek net fol cobra's of nitraten.

Op sokke mominten sjogge we mei noed nei ús stoere mantsjes, hoopje we dat we it jier wer sûnder ûngemakken ôfslute kinne en eltsenien nijjiersdei dei alle fingers en eagen noch hat. Ik ha myn hiele libben al in hekel oan fjoerwurk hân en freegje my alle jierren ôf wêrom't manlju it moai om safolle risiko te rinnen of de boel yn 'e brân te stekken.

Mar manlju freegje har wer oare dingen ôf want it wie op de jierdei fan ús heit dêr't ik om in oere as njoggen sei dat ik wol nei hûs ta woe. Wy wiene der al sûnt fjouwer oere middeis, it wie gesellich en ik hie my de bûsen mear as ien kear útskuord mar dan komt der in momint dat ik ek wol wer op hûs oan wol.

'Wêrom wolle dy wiven altyd as earste fuort!' rôp immen. 'Altyd as it leuk wurdt, begjinne se te seuren dat se nei hûs ta wolle, skriuw dêr ris in kollum oer! En dan komst thús, mar dêr is fierder ek neat te belibjen, dus úteinlik hiest better sitten bliuwe kinnen!' Dit wie sawat de strekking fan it petear en Jelle naam noch mar ien. Ik hie earder al tee setten en it die bliken dat de froulju dy't der noch wiene ek wol nocht hiene oan in bakje, wylst de manlju al moai wat bakjes bier soldaat makke hiene.

Ik wie ek net de iennichste dy't wol nei hûs ta woe en ik frege oan de oaren wêrom't sy meastal earder fuort wolle. It antwurd wie unanym: om't der in punt komt dat de ferhalen wer oer itselde gean en se dy al hûndert kear heard hawwe. Op in bepaald momint bist wol útluld, kinst de rêst fan it gelul wol dreame en wolst gewoan nei hûs ta!

'We nimme noch ien!' Dizze legendaryske wurden kinne we ek allegear wol dreame, dochs wurdt ien altyd mear en it 'meer' is noait fol, tinke se! Mar froulju dy't teedrinke of Bob binne, hawwe bliksemse goed yn 'e gaten wannear't de mannen hast kopke ûnder gean. Op 'e tiid nei hûs ta gean is dus in keunst op himsels, krekt sa as in karbidbusdeksel fier fuort sjitte.

Ik soe net witte hoe't ik dat dwaan moast en nei in pear knallen wol ik ornaris ek altyd graach wer nei hûs ta. Dêr stean ik it leafste by it fjoer fan myn fornús, mei in grutte panne sop derop. Ferskil moat der no ien kear wêze en gelokkich duorret it noch in jier foardat dy illinde mei it fjoerwurk wer begjint en ik earder nei hûs ta wol op de jierdei fan ús heit."

(advertinsje)
(advertinsje)