Delft wol revâns by Solar Race

10 jul 2012 - 09:51

It Delta Lloyd Solar Boat Team fan Delft wol revâns by de Fryske sinneboatrace fan dit jier. Delft wûn de earste twa edysjes, mar de lêste titel gie oan harren noas foarby. In pear 'oudgedienden' binne sels optrommele om Delft wer oan de winst te helpen.

'Us Boat' docht foar de tredde kear mei oan de sinneboatrace, mar foar it earst yn de topklasse. It giet om in team fan twaddejierstudinten fan it Friesland College. Dat is bysûnder, want meastal binne it universiteiten en hegeskoallen dy't meidogge oan de race.

(advertinsje)
(advertinsje)