De Elfstedenhal yn Ljouwert makket him op foar NK Shorttrack

03 jan 2020 - 07:02

De Elfstedenhal yn Ljouwert is dit wykein it dekôr fan it NK Shortrrack. Twa dagen lang is de nasjonale shorttracktop yn Ljouwert. Sneon binne de foarwedstriden op de 500, 1.000 en 1.500 meter, snein wurde de finales op dizze ôfstannen riden. Mei de superfinale op de 3.000 meter wurdt bepaald wa't Nederlânsk kampioen wurdt. It NK is in primeur foar de Elfstedenhal.

Foto: Omrop Fryslân

"It is wol spannend. Ek hartstikke leuk dat sy by ús yn de hal komme en dat wy it organisearje meie. Wy binne der drok mei dwaande om in moai toernoai del te setten," seit Folkert Brouwers fan Trias Shorttrack as de organisearjende shorttrackferiening.

Eins yn Thialf

Hy leit út hoe't de wedstriden yn Ljouwert terjochte kaam binne. "Dat wurdt selektearre troch de KNSB. Organisatoarysk hiene wy der net op rekkene, it soe eins yn Thialf wêze. Mar troch de drokte yn Thialf en it opbouwen fan poadia kamen sy mei de tiid yn de knoop, en doe hawwe sy ús frege. Wy seine daalks wol ja. Wy moasten efkes neitinke oft wy it wol oprêde koene mei alle frijwilligers, mar wy binne gek fan shorttrack dus wy wolle graach dat it yn Ljouwert yn de hal komt."

Moaie entoeraazje

Dat hat noch wol wat fuotten yn de ierde. Brouwers: "Wy binne al in pear wiken oan it tarieden. Shorttrack moat foar it publyk ek oantreklik wêze, dus wy wolle graach in tribune bouwe en in moaie entoeraazje meitsje. Dêr is wol wat foar nedich. De NOS komt ek mei kamera's. Mar de Elfstedenhal is tige fleksibel, dus foar de sporters is der genôch romte."

Mixede Gender Relay

Oan de ein fan it toernoai is der in saneamde Mixed Gender Relay. "Dat is wol in hiele leuke, nije ûntwikkeling: de froulju en manlju tegearre, dus twa manlju en twa froulju dy't yn relay tsjin inoar stride. Dat is relatyf nij, neffens my docht it op de kommende Olympyske Spelen ek mei. In moaie oanfolling op de sport, en Nederlân sil ek wol kânsen meitsje," tinkt Brouwers.

Fergees

De yntree is fergees, jout hy oan. "Wy besykje folle tribunen te krijen." Op sneon set de kwalifikaasje útein om 10.00 oere en de wedstriden om 11.30. Op snein binne de warming-up om 10.30 oere en de finales fan de 1.500 meter om 11.00 oere.

Folkert Brouwers fan Trias Shorttrack

(advertinsje)
(advertinsje)