Minsken net goed wurden oan de Rembrandtstrjitte yn Ljouwert

De brânwacht yn Ljouwert hat tongersdeitejûn mjittingen dien yn in hûs oan de Rembrandtstrjitte, nei't meardere minsken yn de wenning harren net goed fielden. Sy hiene lêst fan de kiel en wiene mislik. Se binne ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse. De brânwacht hat ûndersocht oft der sprake wie fan koalmonokside, mar dit wie net it gefal. De wenning is dêrnei goed fentilearre. De bewenners krigen it advys om foarearst gjin skjinmakmiddelen te brûken.
© Kappers Media