Tal ynwenners Noardeast-Fryslân wurdt noch hieltyd minder

De Fryske befolking is yn 2019 mei goed 22.000 persoanen groeid, goed 10.000 dêrfan binne ynwenners fan de gemeente Ljouwert. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't nei bûten brocht binne.
Tal ynwenners Noardeast-Fryslân wurdt noch hieltyd minder
Oare gemeenten dy't groeien bliuwe binne benammen gemeenten mei stedske gebieten, lykas Hearrenfean en Smellingerlân. Hast alle Fryske gemeenten binne groeid yn it ôfrûne jier, op Achtkarspelen, Harns en Eaststellingwerf nei.
Sûnt 2015 is de befolking sa'n heal persint lytser wurden yn it noardeasten fan Fryslân, ien fan de njoggen krimpregio's. Fan sa'n regio waard yn 2014 ferwachte dat de befolking yn 2040 op syn minst 12,5 persint lytser wurden is.
Krimp © Omrop Fryslân