Nij trainersduo Harkemase Boys: "Noait te beroerd om de klup te helpen"

It nije trainersduo fan Harkemase Boys hat de earste training al achter de rêch. Tongersdeitemiddei waard bekend dat Klaas Schotanus en Willem Brouwer it seizoen ôfmeitsje yn De Harkema. "Wy koene de klup no helpe en dêr binne we dan ek noait te beroerd foar", seit Schotanus.
Schotanus en Brouwer
Schotanus en Brouwer binne mei syn twaen de nije haadtrainer. Dêrnjonken hie Harkemase Boys ek al in assistint-trainer, Willem van Kammen. It wurdt dus in team fan trije. "We moatte goede ôfspraken meitsje", seit Brouwer. "En trije sjogge altyd mear as twa."
Neffens Brouwer folje se elkoar goed oan. "Klaas is in begjinnend trainer, ik ha wat mear ûnderfining. We kenne elkoar ek al jierren út de fuotballerij. Klaas hat al foar my spile hjir by Harkemase Boys en dêrfoar ek al by Flevo Boys. We witte wat we oan elkoar ha."
We moatte noch in heal seizoen en der is noch in hiel soad te heljen.
Klaas Schotanus
Foarich seizoen stie Schotanus ek al in pear wedstriden foar de groep as ynterim-trainer. No wer dus. Wol er net ris echt haadtrainer wurde? "Nee, dit is wer ynterim en foar takom seizoen hat de klup ek al in trainer. Foarich jier wie it foar in pear wedstriden. No in heal seizoen en der is noch in hiel soad te heljen."

Skoalle, camping en fuotbal

Schotanus hold foarich jier op by Harkemase Boys, omdat er dat net langer kombinearje koe mei syn wurk as skoaldosint en campingeigener yn Aldemardum. Dus ek diskear bliuwt er net langer. "It is gewoan dreech om te kombinearjen. Dus it wie in bewuste kar. De klup wist ek wol dat ik leafhawwer bin, dus dêrom kamen se wer by my út. No helpe we de klup fiif moanne. Dêrnei giet de fokus wer op it ûnderwiis en de camping."
Klaas Schotanus en Willem Brouwer op de earste training fan Harkemase Boys yn 2020 © www.orange-pictures.nl
Brouwer en Schotanus folgje Hans de Jong op. De klup naam ôfskied fan him, wylst Harkemase Boys op it fjirde plak stiet yn de tredde difyzje. "De klup docht it hartstikke goed", seit Brouwer. "Dus kwa resultaat hoecht it ek net folle better, in bytsje miskien. We moatte noch santjin wedstriden, we sitte noch net iens op de helte. Dus we kinne noch fiif moannen fol oan de bak."