Nije aksje op Skier om ôffal kontenerramp op te romjen: "De vervuiler betaalt"

02 jan 2020 - 21:40

In jier nei de kontenerramp lizze der noch hieltyd plestik kerrels op it strân fan Skiermûntseach. Ynkoarten sille de gemeente, Natuurmonumenten en Rykswettersteat oan de slach mei in nije opromaksje. Dat seit boargemaster Ineke van Gent. "We willen voor het broedseizoen zoveel mogelijk plastic bolletjes opruimen."

Ineke van Gent flak nei't guod fan de MSC oanspielde op Skiermûntseach - Foto: ANP

It briedseizoen begjint yn april. Foar dy tiid moat dus safolle mooglik ôffal fan it strân wêze. Maklik wurdt it net, jout Van Gent ta, want it binne hiel lytse kerreltsjes. "Je moet het zand een beetje omwoelen, zodat de korreltjes naar boven komen. Dan kun je met een zuiger wel opzuigen. Dan worden de korreltjes en het zand weer van elkaar gescheiden."

Om de natuer tinke

By it opromjen sille se rekken hâlde mei de natuer. "We gaan ook heel goed opletten dat we het ecologische systeem op het strand niet verstoren, dus we doen het in etappes", seit Van Gent. "Rijkswaterstaat heeft daar een paar ecologen voor beschikbaar gesteld."

De vervuiler betaalt, dus dat is MSC.

Ineke van Gent oer de nije opromaksje

En it is de bedoeling dat MSC, de rederij fan it skip dat de 342 konteners ferlear, betellet foar it opromjen. "Zoals het nu lijkt gaat de verzekering van MSC het betalen, zodat wij volgende week of zo snel mogelijk aan de slag kunnen."

MSC stiet nei de kontenerramp net bekend as in partij dy't graach betellet. In diel fan de claims stiet noch iepen en de rederij stelde ek alris as betingst dat der gjin nije claims komme soene. Mar Van Gent giet derfan út dat it no goedkomt. "De vervuiler betaalt, dus dat is MSC. Het betalen kan wat sneller, maar ik hoop dat ze hun leven nog gaan beteren. Ook voor de toekomst. Want als er nieuwe rommel van de ramp aanspoelt, dan ga ik er wel vanuit dat MSC zijn verantwoordelijkheid neemt."

Ineke van Gent

(advertinsje)
(advertinsje)