Piet Paulusma debutearret foar Omroep MAX en seit noch hieltyd "Oant moarn"

Waarman Piet Paulusma hat syn earste waarberjocht foar syn nije wurkjouwer, Omroep MAX, efter de rêch. Tongersdei wie er dêr foar it earst te sjen. "It sjocht der kreas út", seit er oer it programma. "Ik bin der hiel bliid mei, ik krij ek in protte reaksjes."
It earste waarberjocht fan Piet Paulusma foar Omroep MAX © Omroep MAX
Oan de kleuren fan it waarberjocht is hjir en dêr wat feroare, mar in protte is itselde. "It is it waarberjocht sa't ik dat altyd al meitsje, dus bûten. Hjoed wie it yn de Ingelske tunen, tichtby yn Harns. Moarn ek noch wat tichtby, mar stadichoan meitsje we in skema en geane we ek fierder fuort."
Piet syn hannelsmerk wie yn de 23 jier by SBS de groet op de ein fan it waarberjocht: "Oant moarn!" Dat is by Omroep MAX net oars, fertelt er. "'Oant moarn' is meigien. It rint allegear wer. De oanfragen foar de lokaasjes komme al binnen, de foto's foar efter de waarkaart ek."

Net nei SBS sjoen

SBS woe nei 23 jier net fierder mei Paulusma as waarman. Op it nije waarberjocht fan SBS komt wat krityk. Paulusma hâldt him dêr net mei dwaande. "Ik hear hjir en dêr wat, mar ik ha it net sjoen. SBS moat dwaan wat sy wolle, ik ha dat hjoed hielendal efter my litten."
Piet Paulusma oer syn earste waarberjocht foar Omroep MAX