Fjirtich minsken romje ôffal op sânplaat tusken It Amelân en Skier op

02 jan 2020 - 19:55

Op de kâlde, winige en ûnherbergsume sânplaat It Rif tusken It Amelân en Skiermûntseach steane fjirtich minsken stil by de kontenerramp mei de MSC Zoe, dy't tongersdei in jier lyn is. Dat skriuwt RTV Noord. De minsken dogge mei oan de ekspedysje Rif Clean Up fan it seehûnesintrum yn Pieterburen.

RTV Noord makke in reportaazje fan de ekspedysje op de sânplaat:

"Het is een jaar geleden dat er allerlei troep ons Werelderfgoed binnenspoelde", seit Sander van Dijk fan it seehûnesintrum. "Daar willen we bij stil staan."

"Dit zijn mensen die vorig jaar ook hebben meegeholpen met opruimen", fertelt er. "Het leek ons mooi om op een positieve manier stil te staan bij deze dag en hen uit te nodigen om te kijken hoe het hier een jaar later is."

Lytse opbringst

It doel fan de ekspedysje op It Rif is ek om dêr ôffal te sammeljen. Mar der is tongersdei net sa'n soad ôffal, dus de jiskepûden bliuwe grutdiels leech: allinnich ballonnen, in plestik bakje en wat tried fan keunststof.

De ekspedysje op It Rif - Foto: RTV Noord, Steven Radersma

Ferburgen ôffal

Fred Drenth is ien fan de dielnimmers oan de ekspedysje. Hy tinkt dat in soad ôffal ferburgen is: "Het kan zijn dat het 20, 30 centimeter onder het zand gestoven is. Dan vind je het misschien terug over een half jaar, of over een jaar, of vijf jaar."

Annelies de Heer sjocht in grut ferskil mei begjin jannewaris 2019: "Een jaar geleden zag het er hier heel anders uit, toen lag het bezaaid, je wist niet waar je moest beginnen."

Granulaat

Sander van Dijk fan it seehûnesintrum seit dat it probleem net foarby is: "Er zijn enorme hoeveelheden van de plastic korrels, van dat granulaat in zee terechtgekomen. Het kan zijn dan we vandaag geen grote stukken afval vinden, maar dat granulaat betekent nog jaren van ellende voor dit gebied."

800.000 kilo

Keunstnerskollektyf Gejut hat yn opdracht fan Stichting De Noordzee in keunstwurk makke fan it ôffal dat op de strannen oanspield is. It keunstwurk moat de minsken derta sette om troch te setten mei it opromjen fan ôffal.

Keunstwurk De golf fan keunstnerskollektyf Gejut - Foto: Bas Losekoot / Gejut
(advertinsje)
(advertinsje)