Skea oan fjild Trynwâlden dochs net troch karbid, mar wêr wol troch?
VC Trynwâlden tinkt no dat de skea oan it keunstgersfjild dochs net troch karbidsjitten komt. "Er is een vrij grote brandplek op het veld", seit bestjoerslid Sjaak Bakker. "Het lijkt er niet op dat dat door een carbidbus is gekomen." Wat it dan wol west hat, moat noch bliken dwaan.
Moandei komt der ien del dy't dêr mear ferstân fan hat, seit Bakker. "Dan wordt het echt in kaart gebracht. Maar het is sowieso door brand gekomen, het is een gigantisch grote plek. Maar wat het geweest is, daarover tasten we nog in het duister."
Nei alle gedachten is de skea ûntstien op âldjiersdei of âldjiersnacht. En omdat dy dei minsken sjoen wiene dy't oan it karbidsjitten wiene op it parkearplak by it sportpark, tocht de klup earst dêroan. Mar dat liket no dus net sa te wêzen.
"Klap in ons gezicht"
De skea komt hurd oan by de klup. "Je denkt dat je alles veilig en in vertrouwen achter kunt laten. En vrijwilligers houden het hier altijd netjes bij. Dit nieuwe veld hadden we pas sinds 2,5 jaar, we waren er ontzettend trots op. Dus dit is een klap in ons gezicht."
VC Trynwâlden is sels net de eigener fan it fjild, dat is de gemeente. Se ha al kontakt hân. Bakker: "De gemeente heeft aangifte gedaan. Ze gaan ook onderzoek plegen naar de oorzaak."
It is noch net dúdlik wannear't it fjild wer makke wurdt. Bakker hopet dat it net te lang duorret. "We hebben hier deze maand nog een toernooi. Het zou heel wrang zijn als we dat af moeten zeggen."