Rûnreizgjend keunstwurk oer kontenerramp ûntbleate op Skylge

02 jan 2020 - 17:46

Op Skylge is tongersdei it keunstwurk De Golf ûntbleate ta oantinken oan de ramp mei kontenerskip MSC Zoe. It keunstwurk is makke troch keunstnerskollektyf Gejut yn opdracht fan Stichting De Noordzee. Dy stichting fertelde ek dat der noch 800.000 kilo ôffal yn see leit.

Ferslachjouwer Remco de Vries op Skylge:

"Het kunstwerk stelt een container voor die gevuld is met afval van de MSC Zoe die aangespoeld is op het strand", leit Ewout van Galen fan Stichting De Noordzee út. Ferskate eilanners hawwe ôffal foar it keunstwurk beskikber steld. It keunstwurk sil rûnreizgje, sa't de grutte ramp ûnder de eagen fan de minsken komt. "Vandaag is het en jaar geleden 342 containers aanspoelden op het strand. Met het kunstwerk willen we aandacht vragen voor het feit dat er een jaar na dato nog 800.000 kilo in zee ligt."

Opromje en foarkomme

Van Galen is der dúdlik yn. "Wij willen dat dit opgeruimd wordt, want wij staan voor een schone en gezonde Noordzee. Ook willen we aandacht voor preventiemaatregelen in containervervoer, zodat zo'n ramp nooit weer gebeurt. Dan gaat het over verscherpt toezicht voor het vastzetten, beter laden en wegen van containers. Dat soort maatregelen juichen we erg toe."

Keunstwurk De golf fan keunstnerskollektyf Gejut - Foto: Bas Losekoot / Gejut

Dochs wol Van Galen noch net foarút rinne op it ôfsluten fan farrûten. "Op dit moment wachten wij de onderzoeksresultaten af van de toedracht van de ramp. We weten nog niet wat er precies gebeurd is. Die resultaten verwachten wij dit voorjaar en dan kunnen we beter kijken wat het nut is van het afsluiten van de zuidelijke route boven de eilanden voor bepaalde schepen, bepaalde ladingen of onder bepaalde weersomstandigheden."

Kritysk op minister

De minister hat besletten op te hâlden mei it opromjen, benammen om't it te djoer is. Van Galen: "De minister beroept zich op die proportionaliteit. Zij zegt: het kost één liter diesel om 2,5 kilo plastic boven water te halen. Dat is appels met peren vergelijken. Bij een ramp met deze omvang is er een betere argumentatie nodig om de berging stop te zetten."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Marianne Houthuijse is fan keunstnerskollektyf Gejut. "Het is van in totaal 342 stukjes", fertelt se. "Dat staat symbool voor de hoeveelheid containers die van boord zijn gegaan."

Keunstneres Marianne Houthuijse oer it keunstwurk:

"Het kunstwerk zit vol met rotzooi en kinderspeelgoed. My Little Pony, een kinderslippertje, granulaat. Het vertegenwoordigt maar een heel klein beetje van wat er allemaal in zee en op de stranden is beland."

Yn it keunstwurk sit ek in soart fan krab, dy't oer de rommel hinne rint. "Die is mooi van lelijkheid", omskriuwt Houthuijse. "De krab is gemaakt van kinderriemen. Van niets is iets nieuws gecreëerd."

(advertinsje)
(advertinsje)