Auto yn it wetter by Tsjerkwert, bestjoerster nei it sikehûs

By in ûngelok op de N359 by Tsjerkwert is de bestjoerster fan in auto licht ferwûne rekke. De brânwacht hie de melding krigen fan in auto dy't yn it wetter riden wie. Doe't se manmachtich mei dûkteams by it plak fan it ûngelok wiene, stie de frou al njonken de auto.
© CAMJO media / Stefan Postema
De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. It wie in iensidich ûngelok. De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht, omdat se licht ferwûne wie.