Kontenerramp kin sa wer gebeure, neffens boargemaster Wassink fan Skylge

02 jan 2020 - 16:58

In ramp sa as mei de MSC Zoe kin samar wer gebeure. Dat seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge, in jier nei de kontenerramp. "Dat kan vandaag of morgen weer gebeuren, dat valt niet uit te sluiten."

Bert Wassink oer de gefolgen fan de kontenerramp, in jier letter:

Wassink tinkt dat omdat er neat struktureel feroare is. "Dat lijkt me ook nog een lange weg." Soks moat Europeesk regele wurde. Boppedat: "Er zijn al heel veel regels, maar die worden niet altijd gehandhaafd. En hoe krijg je dat internationaal voor elkaar?" De oerheid hjir kin allinnich yn Nederlânske havens wat feroarje oan de feilichheid. En dat hie in ramp as mei de Zoe nea foarkomme kinnen; it skip hat op de rûte nei it ûngelok net yn Nederlânske havens west, it fear allinnich by ús kust del.

Gjin strukturele feroarings dus. Wassink hopet dat elkenien dêrom sels wat skerper is. "Voor al die bedrijven is dit een zware en dure les geweest. Bij stormachtig weer zal iedereen nog wel eens extra goed kijken of het spul wel goed vast zit."

Minder plestik keapje

Wa't yn elk gefal skerper binne, binne de eilanners en de gasten, neffens de boargemaster. It is ûnder oare saak om minder plestik te keapjen, sadat der minder guod op see ferfierd wurdt. "Vorig jaar was een mooie wake-upcall voor ons allemaal, want sindsdien beseffen we wat er boven de eilanden allemaal vervoerd wordt. We hebben geconstateerd dat dat veel rommel is. De Waddenvereniging heeft sinds deze week een nieuw initiatief: Wad Minder: denk erover na of je alles wel moet kopen wat je normaal koopt. Dat lijkt me een heel goed initiatief, want we moeten allemaal iets veranderen."

It eilân ûnderfynt de gefolgen fan de kontenerramp noch elke dei. "Zeker bij stormachtig weer stroomt er weer rotzooi aan", seit Wassink. "Er is echt wel een inspanning geleverd om spul boven water te halen, maar dat is niet volledig gelukt. Bovendien zijn er meer schepen die rommel verliezen, je kunt hier wat dat betreft eigenlijk wel elke dag iets doen."

(advertinsje)
(advertinsje)