Klaas Schotanus en Willem Brouwer meitsje seizoen ôf by Harkemase Boys

02 jan 2020 - 16:12

Klaas Schotanus en Willem Brouwer meitsje it seizoen ôf as trainers by Harkemase Boys. Sy folgje Hans de Jong op. Harkemase Boys naam earder dizze wike ôfskied fan him. Schotanus en Brouwer ha beide earder ek al aktyf west by de Harkiten.

Willem Brouwer en Klaas Schotanus op de training tongersdeitejûn, mei spiler Pim ten Have - Foto: www.orange-pictures.nl

De 36-jierrige Schotanus hat fiif jier lang by Harkemase Boys spile. Yn syn earste jierren wie Brouwer (56) doe syn trainer. Ferline jier wie Schotanus al assistint-trainer by Harkemase Boys. De lêste pear wedstriden fan ferline seizoen wie Schotanus al einferantwurdlike, nei't Tieme Klompe optstapt wie. Nei it seizoen hold Schotanus op, omdat er it wurk as trainer net langer kombinearje koe mei syn priveelibben.

Brouwer spile fan 1998 oant 2002 foar de Harkiten. Fan 2012 oant en mei 2014 wie Brouwer ek al trainer fan de klup.

Tongersdei al de earste training

Schotanus en Brouwer steane tongersdeitejûn al foar de groep by de earste training fan de twadde seizoenshelte. Kommend wykein spilet Harkemase Boys in oefenwedstriid tsjin Bedum, in wike letter steat de derby tsjin ONS Snits op it programma.

(advertinsje)
(advertinsje)