A7 tusken Surch-Boalsert fan takom wike ôf ticht troch wurk oan wynpark

02 jan 2020 - 15:15

Twa parten fan de A7 yn it noardwesten fan de provinsje binne takom wike ticht. It giet tusken 7 en 9 jannewaris om it stik tusken Surch en ôfslach Wytmarsum/Makkum en tusken 11 en 13 jannewaris om it stik fan deselde ôfslach oant Boalsert. De ôfsluting is fanwegen wurksemheden foar de oanlis fan Wynpark Fryslân.

De A7 by Wytmarsum - Foto: Google Street View

It wynpark is it grutste wynpark fan de wrâld dat yn binnenwetter, de Iselmar, oanlein wurdt. Der komme 89 wynturbines yn klusterfoarm. It sil op termyn foar 500.000 húshâldens stroom leverje. It draacht dêrmei foar goed 70 persint oan de Fryske doelstelling foar wynenerzjy yn 2020. Noch dit jier sille de earste wynmûnen yn it park al wurkje.

"Wy lizze dêr in stroomkabel oan foar it wynpark, dy komt yn de berm fan de A7. Dus as dêr auto's del komme, kin dat gefaarlik wêze. Dêrom binne der ferkearsmaatregels. Yn totaal giet it wol om goed 25 kilometer kabel. It earste part by de Ofslútdyk is al klear, no sette wy útein mei it twadde part tusken Surch en Boalsert," leit Wendy Leenstra fan it wynpark út.

Omliedingen

Fan tiisdei 7 jannewaris 21.00 oant tongersdei 9 jannewaris 06.00 oere is de A7 yn de rjochting fan Boalsert tusken Surch en de ôfslach Wytmarsum/Makkum (ôfrit 16) ticht. It ferkear yn de rjochting fan Wytmarsum/Makkum kin omride oer Kimswert en Arum. Ferkear nei Boalsert/Snits kin oer de provinsjale dyk nei Harns, Frjentsjer, Winsum en Wommels.

Fan 11 jannewaris 08.00 oere oant 13 jannewaris 06.00 oere is de A7 tusken ôfslach Wytmarsum/Makkum (ôfrit 16) en Boalsert ticht. It ferkear rjochting Boalsers/Snits kin omride fia de Alde Rykswei by de A7 del.

Wendy Leenstra fan Wynpark Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)