Hearrenfean rûst fjoerwurkskea oan buorden en jiskebakken op 5.000 euro

De gemeente Hearrenfean rûst de fjoerwurkskea oan buorden en jiskebakken fan âldjiersnacht op sa'n 5.000 euro. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan. It bedrach is noch in earste ynskatting.
Ferline jier wie de skea yn de gemeente Hearrenfean ek sa'n 5.000 euro.
It Verbond van Verzekeraars rûst de lanlike skea oan wenningen en auto's op sa'n 15 miljoen euro. Dat wurdt nei alle gedachten noch wat heger, omdat brânskea oan bedriuwspannen yn dat bedrach noch net meinaam is. Ferline jier wie de skea lanlik ek tusken de 15 en 20 miljoen euro.