Aldjiersploech Vesuvius fan Elslo hat 2.800 kilo oan keunstletters 'liend'

02 jan 2020 - 14:13

Aldjiersploech Vesuvius fan Elslo hat der in massale hernia oan oerholden, oan harren âldjiersstunt. De ploech helle de wurden 'Tot Hier' op út it Gelderske Rijswijk by de Lek. De letters binne sa'n 400 kilo it stik en behoarlik grut. It is in wûnder hoe't se de letters der wei krigen hawwe sûnder dat ien it fernommen hat en it meast gekke oan it ferhaal is miskien wol dat net ien de grutte wurden mist.

De letters binne eins in keunstwurk fan Jan Kleingeld dat yn 2014 by Rijswijk delset is, eins soene oan beide kanten fan de Lek 'Tot hier' en 'Tot daar' stean moatte, om de grins fan it eardere Romeinske Ryk oan te jaan. It twadde diel 'Tot daar' is nea pleatst om't de gemeente oan de oare kant fan it wetter dat net woe.

Oandacht foar de boeren

"Ons idee was om hiermee aandacht te vragen voor dat boeren niet nog verder de stront in worden geholpen door de regering. Wij vonden dit een origineel idee. We zagen dat er al meer was ontvreemd, zoals koeien en kippen. Dit was wel een mooi alternatief," lizze de manlju fan de âldjiersploech út.

Foto: Simone Scheffer

Mei spierkrêft fuorthelle

It fuortheljen wie noch in flinke put. Ien foar ien binne de letters op twa karren delset. "Dat was zeer zwaar. Ongeveer 400 kilo per stuk, en dat hebben we puur met mankracht opgetild. Ik heb wel aardig spierpijn na de tijd gehad."

Gemeente miste de letters noch net

Yntusken is der oerlein mei de gemeente Buren, dêr't de letters eins fan binne. "Gelukkig heb ik vanochtend contact gehad met de gemeente Buren. Nu missen ze het wel, maar dat hebben we tot vandaag nog niet gehoord. Als je zoiets groots nog niet mist, dat is wel zonde. Maar het blijft een mooie stunt. Waarschijnlijk gaan we ze in de loop van volgende week terugbrengen." De manlju sizze dat sy dan wol wat mear help brûken geane, en it net allinne mei spierkrêft oplosse.

Grutsk

"Het staat hier zeker mooi, maar de gemeente wil ze ook weer terug hebben. Dus we brengen ze netjes terug. Maar het is mooi dat je zoiets voor het dorp kunt doen. Dat je zoiets naar Elsloo kunt halen, dat is hartstikke leuk. En het verhaal is ook goed. Het valt niet te missen," sizze de mannen. Sy binne der grutsk op. "Het is wel leuk om de andere ploegen te overtreffen. Wij hebben sowieso de grootste en zwaarste stunt.

Feslachjouwer Johanna Brinkman by de ploech yn Elslo

(advertinsje)
(advertinsje)