Miljeujutter sjocht werom op kontenerramp: "Het had gesneeuwd, maar dan met plastic"

02 jan 2020 - 13:36

Neist negative dingen hat de ramp mei de MSC Zoe ek wol in soad goeds brocht, seit de Skylger miljeujutter Jan-Boy Bosma oer de kontenerramp fan in jier lyn. Neffens him komt de polityk yn Den Haag yn beweging en is op it eilân sels de reewilligens om oanspielde troep fan it strân ôf te heljen allinnich mar grutter wurden.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Bosma koe hast net leauwen wat er oantrof, doe't er op 2 jannewaris 2019 op it strân fan Skylge kaam. "Heel veel vuil. Het had gesneeuwd, maar dan met plastic. Heel veel troep over het hele strand. Ik had nog nooit zoveel rommel gezien."

Dochs sjocht de miljeujutter de positive kant yn fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. "Ik denk dat de regering nu ook wel weet dat er wat moet gebeuren." Neffens him moat de farrûte foar de grutte skippen oars en moatte de oprommers betelle wurde. "Wij doen het nu vrijwillig allemaal, maar dat moet eigenlijk veranderen."

Bosma fernimt dat der yn alle gefallen al wat feroare is op Skylge. Der lizze jiskepûden by de strânopgongen. Minsken kinne dy meinimme en ûnder it kuierjen rommel deryn dwaan. "Die worden regelmatig gebruikt. Dan krijgen we een melding dat het materiaal is opgehaald en waar het staat. Dat is aanmerkelijk toegenomen."

It is lykwols in probleem dat wrâldwiid oanpakt wurde moat, seit Bosma. "We moeten stoppen met te veel consumeren en te veel kopen. En beter op onze grondstoffen passen."

Miljeujutter Jan-Boy Bosma op Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)