Europeeske subsydzje foar kantine Burgum: sport en mienskip byinoar

02 jan 2020 - 12:49

Fuotbalklup FC Burgum krijt 150.000 euro oan Europeeske subsydzje foar de ynrjochting fan in nije, duorsume kantine. It is de bedoeling om dêr in echt hûskeamer fan de meitsjen foar de minsken út it doarp. De kantine wurdt ûnderdiel fan de nije sporthal dy't op dit stuit yn Burgum boud wurdt. De âlde sporthal, de Westermar, baarnde yn 2017 folsein ôf.

FC Burgum is de fúzjeklup dy't ferline jier ûntsie út sneonsklup BCV en sneinsferiening Burgum. "Wy binne moai op skema, nei de simmer binne wy úteinset en yn septimber 2020 moat it klear wêze," leit projektlieder Jaap van Bruggen út. "It jild is net allinne foar de kantine, der moat mear mei dien wurde. Wy bringe in tal kantines byinoar. De âlde Westermar is ôfbaarnd. De 21 ferieningen dy't de âlde sporthal brûkten en de nije fuotbalklup kinne no ien nije kantine brûke. It moat in moetingsplak wêze, mei sosjale interaksje en dêr't aktiviteiten binne. It moat de hûskeamer fan Burgum wurde."

Projektlieder Jaap van Bruggen by de bou - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Fuotbal en buertferiening

Dat betsjut dat de kantine de doarren faak iepen hat. "De kantine is altyd iepen, moarns begjinne de skoallen hjir te sporten en jûns oant in oere as alve binne de binnensporten en de fuotbal hjir aktyf. Der kinne foarsjennings komme foar húswurkbegelieding, mar ek gearkomsteromte foar de buert, aktiviteiten dy't de interaksje tusken de klups helpe. Sa kin eltsenien inoar helpe."

Foarsjennings byinoar

Der is gearwurking socht mei it asylsikerssintrum yn de buert. "Sy binne ek ûnderdiel fan ús sosjale mienskip. De foarsjennings komme no ek wat mear byinoar. Wy hiene mar in lyts parkearterrein en it AZC is ek dwaande mei nijbou en dêrom hawwe wy no tegearre in parkearplak makke foar 300 auto's, yn stee fan 150."

Neffens Van Bruggen is der ek safolle mooglik besocht de hoareka fan Burgum mei te krijen. Hoareka binne net altyd wiis mei de komst fan in nije kantine. "De keunst is om net tsjinoer inoar, mar njonken inoar te stean," seit Van Bruggen. "Yn dizze sporthal kinne ek grutte evenementen plakfine, dus de hoareka kinne de romte ek brûke."

Projektlieder Jaap van Bruggen

(advertinsje)
(advertinsje)