Wensoarchstipers kinne oan de slach by Noorderbreedte yn Ljouwert

02 jan 2020 - 12:32

In groep fan sechstich nije meiwurkers begjint takom wike by Noorderbreedte yn Ljouwert oan de oplieding ta wensoarchstiper. De soarchynstânsje wurket hjirfoar gear mei de skoalle ROC Friese Poort en de gemeente Ljouwert.

Foto: Noorderbreedte

De dielnimmers dogge de kursus 'Samen een huishouding runnen'. Nei de oplieding kinne se it soarchpersoniel bystean by it húshâlden en de bewenners helpe mei deistige saken, sa as húshâldlike putsjes, it iten en it lêzen fan de krante. Sa komt der mear omtinken foar de bewenners en soargje se foar in weardefolle dei.

Ferlet fan

"Der is in soad ferlet fan," seit jobcoach Wiepie de Boer. "Dizze wurknimmers binne by ús wurksum op de hûskeamer, dêr jouwe sy rêst en oandacht oan de bewenners. Sy dogge aktiviteiten: in krante lêze, in blokje om, sjonge. Us fersoargers komme dêr net mear oan ta, dy binne drok mei waskjen, oanklaaie en oare saken. Dizze nije meiwurkers binne benammen foar it wolwêzen."

It jild foar de oplieding komt fan it ministearje fan Folkssûnens. In part fan de beskikbere opliedingsplakken wurdt ynfolle yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert en is foar minsken dy't in útkearing krije.

Pleatsing

De Boer: "Neffens my hawwe der goed 110 in plak krigen. Dêrom wolle wy úteinsette mei in twadde groep. De 60 dy't no begjinne kinne wy ek allegearre pleatse. Wy hawwe 6 en 7 jannewaris 'kennismakingsdagen' en 8 en 9 jannewaris sette sy útein op de wurkflier. Dêrneist hawwe sy noch fjouwer dagen skoalle op De Friese Poort. Der begjint de earste groep yn jannewaris mei. Nei trije moannen krije sy in sertifikaat en dan hawwe sy kâns op in jierkontrakt."

Foar de funksje fan wensoarchstiper is gjin foaroplieding needsaaklik, mar belutsenheid by soarch en âlderein is wol belangryk.

Jobcoach Wiepie de Boer

(advertinsje)
(advertinsje)