De Bibel lêze yn ien wike: YouTuber-jongereinwurker Jeroen besiket it

De hiele Bibel lêze yn ien wike tiid. En it ek nochris foarlêze foar YouTube. Jeroen voor 't Hekke fan Frjentsjer giet dizze útdaging oan. Syn lêsmaraton begjint snein en op sneon 11 jannewaris moat hy klear wêze. De challenge is ûntstien út in gearwurking tusken Stichting Stronglife en it Nederlands Bijbelgenootschap. De partijen hoopje dat jongerein ûntdekke dat de Bibel relevant wêze kin foar harren deistich libben. Dêrom wurdt der foarlêzen út de bibel foar jongerein.
De Bibel lêze yn ien wike: YouTuber-jongereinwurker Jeroen besiket it 2
It giet om goed 1.700 pagina's yn sa'n 80 oeren, hat Voor 't Hekke útrekkene. "Als je een boek leest, moet je niet alleen de favoriete, leuke onderdelen. Dan lees je hem helemaal. Het is een oud boek, maar als je het leest zul je ontdekken dat het nog heel relevant is. We willen jongeren inspireren om het boek eens wat vaker uit de kast te pakken."
© Stronglife
Online-jongereinwurker Voor 't Hekke sil stipe wurde troch ferskate meilêzers, lykas dj Roberto Rosso en presintator Jan van den Bosch. Hy woe sels de Bibel al langer ris fan kaft oant kaft lêze. Hy hat earder besocht it boek yn ien jier te lêzen, mar dat foarnimmen is net slagge. Voor 't Hekke: "Ik kan het voor mezelf doen, maar dan heb je geen stok achter de deur. Als je het voor YouTube doet, is er geen weg terug." No besiket hy it yn ien wike, fan 8.00 oere moarns oant 00.00 oere jûns yn syn studio yn Fryslân.

Challenge

De challenge fan Jeroen voor 't Hekke is te folgjen op it kanaal fan Stronglife op YouTube. Dizze stichting besiket jongerein te helpen yn harren leauwen troch gebrûk te meitsjen fan nije media. Jongerein kinne ek meidwaan oan de aksje fia de sosjale media fan Stronglife en kinne mei challenges kâns meitsje op in jongereinbibel fan it Nederlands Bijbelgenootschap, yn gewoane taal.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by online-jongereinwurker Jeroen voor 't Hekke