Protest tsjin lege molkpriis

Boeren protestearje tiisdei yn Brussel tsjin de lege molkprizen. De gemiddelde priis yn Europa is no sa'n 31 sinten de liter. Nederlân sit dêr noch ûnder. Dêr stiet in hege kostpriis tsjinoer. De kostpriis is no sawat 47 sint de liter. It is dreech om de kostpriis nei ûnderen te krijen, omdat it foaral fêste kosten binne. Dan giet it bygelyks om feefoer en disel foar de trekker.
De aksje fan tiisdei is in earste, min of mear ludike aksje. De ferwachting is dat der nei de simmer fûlere protesten loskomme.