Ynbraakgolf mei de jierwiksel yn Drachten: dieders naaiden út

02 jan 2020 - 12:12

Mei de jierwiksel hawwe der leafst acht ynbraken west yn Drachten, dat seit plysje East-Fryslân. It giet om fjouwer ynbraken oan de Anske Aptekerstrjitte en de Eringastrjitte, twa oan de Bruinslotstrjitte, ien op de Fonejacht en ien op it Uthof. De plysje siket tsjûgen fan de dieverij.

Foto: Shutterstock.com

Op de Anske Aptekerstrjitte lei in bewenner oerdeis te sliepen fanwege nachttsjinsten. Kertier foar sânen jûns waard hy wekker en doe stiene der twa ynbrekkers mei bivakmûtsen yn syn sliepkeamer. It slagge him de dieders fuort te jeien, de dieders naaiden út yn in swarte auto mei in wite kentekenplaat.

De twa ynbraken oan de Bruinslotstrjitte binne dien tusken 19.15 en 09.00 oere. Yn ien fan de wenningen lei de bewenner op dat stuit te sliepen. Op de Fonejacht is in stien troch in rút smiten. Omwenners hawwe sjoen dat der in persoan op it dak stie, dy't dêrnei útnaaide. Op it Uthof waard ek in rút ynsmiten, dêr binne twa persoanen sjoen dy't de tún út draafden.

De plysje hat yntusken de omlizzende wenningen op 'e hichte brjocht en is úteinset mei in buertûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)