Milou Bosscher is topsporter op har eigen wize: sy bliuwt knokken

02 jan 2020 - 10:56

Knokke, knokke en nochris knokke. De 17-jierrige Milou Bosscher fan It Hearrenfean hat dat de ôfrûne fjouwer jier dien. Milou hat in dwerslesy oprûn mei har sport trampolinespringe. Op 12 desimber 2015 gie it hielendal mis op it NK trampolinespringe. Milou krige in ûngelok en it gefolch wie dat sy neffens de dokters har hiele libben folslein ferlamme bliuwe soe. It hurde boadskip fan de dokters kaam ynearsten net iens goed binnen mar al gau tocht Milou der oars oer as de dokters.

Dat dokters it boadskip jouwe dat der neat mear mooglik is fynt Milou in minne saak. Dat wurket net motivearjend en ûntnimt je alle moed om te fjochtsjen. "Ik dacht, dat kan niet. Dus ik wilde bewijzen dat ik wel weer wat kan. Ik ben een topsporter en geef niet gauw op," seit sy sels. Dat har topsportmentaliteit har sa fier brocht hat is har eigen fertsjinste, mar minsken dy't wat mear kwetsber binne kinne troch sokke boadskippen alle moed ûntnommen wurde seit sy.

Wer gefoel yn it lichem

Milou hat hurd wurke om foarút te kommen. Fjouwer jier lang refalidearje en hiel hurd wurkje hat syn resultaat. Dêr't dokters har seine dat sy nea wer wat bewege koe is it har slagge om de earms wer te beweegjen en ek de tomme en wiisfinger kin se in bytsje bewege. Dêrneist hat sy ek wer gefoel yn it lichem. Oars as by gewoane minsken, mar der is wer gefoel en dat jout hoop foar de 17-jierrige CIOS-studinte.

Werom by de sport

Want net allinnich yn refalidaasje is se hiel fanatyk. Milou is ek begûn oan de oplieding fan it CIOS. Sy rint staazje op in skoalle en is ek wer belutsen by it trampolinespringen. Sy is wer te finen yn de turnhal op It Hearrenfean en helpt mei trainingen. Se is hiel bliid dat sy wer by har âlde teammaatsjes is en in rol spylje kin yn har favorite sport. It is net konfrontearjend.

Dreamen foar 2020

Yn it jier 2020 hopet Milou noch fierder te refalidearjen en ek wol sy besykje in oplieding te dwaan om sjuerylid te wurden by it trampolinespringen. Genôch dreamen om wier te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)