Kollum: "Tips foar 2020"

"Net ien wit wat foar dei it hjoed is, mar it is tongersdei. Dat docht de kryst en âld en nij mei je. Hjoed en moarn kinne we brûke om foarút te sjen, mei de romte en it oersjoch dat dizze dagen biede. Wêr wol ik mei trochgean, wêr wol ik mei ophâlde en wat soe no te gek wêze om yn it nije jier foarinoar te krijen? Ik wol dêrfoar graach trije simpele, persoanlike tips diele yn dizze kollum.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
De earste giet oer media en technyk. We begjinne supersimpel. Al in pear jier ha ik it lûd fan myn telefoan út stean. Allinnich as ik sit te wachtsjen op ien dy't my bellet, giet it knopke wer om. Dêrby steane suver alle notifikaasjes út. WhatsApp-groepen steane op stil en dy lês ik as dat my útkomt. Ik ha de app fan Facebook net op myn telefoan. En ja, it betsjut wolris dat ik in meidieling mis, mar it hat op gjin inkeld mêd yngripende gefolgen hân. Wat it al docht, is in protte rêst bringe.
Dy telefoan sels, kinst foarearst noch gewoan hâlde. Der binne al in pear jier gjin grutte ûntwikkelingen mear by sawol telefoanen as kompjûters. Utsein ast grafysk swiere programma's brûkst, binne kompjûters en telefoanen fan fiif jier âld noch altyd prima in steat de deistige dingen te dwaan. It betsjut al dat dy ferneamde Keynotes fan Apple en Google tige saai wurden binne, spitigernôch.
De twadde tip giet oer tiidsyndieling. Fan produktiviteitsgoeroes bin ik net sa'n fan, mar harren ûnderwerp is tige nijsgjirrich. Ik ha mei in protte nocht it boek 'Grip' fan Rick Pastoor lêzen, en hoewol't ik it lang net oeral mei iens bin, fyn ik de earste haadstikken tige ferhelderjend. Koartsein giet dat oer hoe'st omgiest mei de almar groeiende ynkommende stream fan berjochten, ynformaasje en fersiken. Rick seit: dyn aginda is hillich; set alles dêr yn dat langer as in heal oere fan dyn tiid kostet. Soargje datst sa min mooglik ûnthâlde moatst, want dat kostet allinnich mar harsentiid; dus brûk in to-do-app. Of doch dat desneeds op papier.
It binne gjin wrâldskokkende saken, mar it helpt my al. Net om produktiver te wurden - as ik yn 'e ôfrûne jierren wat leard ha, dan is it wol dat hurd wurkjen gjin garânsje is om ryk te wurden - mar al om mear rêst te kreëarjen. Rêst is ûnbetelber. Ekstra tip: 'Het Zelfvernietigingsboek' fan Marian Donner, as goed trochtochte tsjinhinger fan produktiviteitsgoeroes, en as sinnige systeemkrityk.
De lêste tip giet oer media. We binne bedarre yn in tiid wêryn't de presidint fan it machtichste lân fan 'e wrâld it iene nei it oare nijsberjocht betitelet as 'fake news'. Wylst de Trump-leagenteller fan de Washington Post oprûn is ta mear as 15.000. En dat is op himsels net iens mear nijs. Yn 't koart: dit is al de perioade om je ôf te freegjen hokker nijs noch te folgjen. Dit is it momint om just minsken dy't oan 'e rinnende bân roppe dat media net te fertrouwen binne, te negearjen. En dan bedoel ik yn it binnenlân dochs echt Forum en PVV. As foarbyld in Thierry Baudet dy't retweet dat Antarktika de kâldste perioade troch giet sûnt lange tiid, wylst it dêr al tiden 8% waarmer is as it langjierrige gemiddelde. Mar ûndersykje it gerêst sels.
Myn tip is: folgje de wat stadigere media. Net it hjitte nijs, mar de ûndersyksferhalen. It bêste boek dat ik yn 2019 lêzen ha, wie 'Catch and Kill' fan Ronan Farrow. Pulitzer Prize-winner, en no ek fertaald yn it Nederlânsk. Farrow makke earst foar NBC en doe foar The New Yorker it ferhaal tsjin Harvey Weinstein hurd, troch suvere sjoernalistiek. Dus ast witte wolst wat in 'MeToo' is: dit is de boarne.
En lústerje podcasts; The Daily fan The New York Times eksellearre ôfrûne jier. Om te laitsjen lústerje ik nei de opmerklike feite-podcast 'No Such Thing as a Fish'. En ik kin mar trochgean, want it oanbod fan podcasts groeit en de kwaliteit groeit mei, ek fan Nederlânsktalige podcasts. En miskien sels wol de Fryske. Boppedat binne in protte podcasts no-nonsense, transparant en ha se gjin druk fan stjoerdermanagers of tiid. Dat helpt de kwaliteit, dus podcasts lústerje is in hiel dikke tip foar it nije jier. Keapje in goeie triedleaze koptelefoan dêrfoar.
Ek in tip om fan 2020 in moai, nijsgjirrich en rêstiger jier te meitsjen: abonnearje dy op kwaliteitssjoernalistiek. En ast werklik neat mear fertroust, sjoch dan foaral de Netflix-dokumintêre 'Behind the curve'. Ferlies dy net yn de dogma's fan skoare, winners of mearderheden, mar tink nei oer 'tegearre' en 'mienskip'. Set de ruten iepen.
Bonustip: libje dyn eigen libben en lûk dy foaral neat oan fan kollumnisten."