Brânwacht útriden foar brân yn wenhûs en bygebou yn Mildaam

02 jan 2020 - 06:40

De brânwacht is tongersdeitemoarn betiid útriden foar in brân yn in hûs yn Mildaam. De brân begûn yn in bygebou en sloech oer nei it wenhûs.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De brânwacht út Nijhoarne en It Hearrenfean koe grutte skea oan it hûs foarkomme, mar it bygebou brânde folslein út. De bewenners koene op tiid nei bûten komme. In knyn ek. De kat fan de bewenners hat de brân net oerlibbe.

Foar it útmeitsjen fan it fjoer waard ek in heechwurker ynset.

Trefwurden: 
brân Mildaam
(advertinsje)
(advertinsje)