Boargemaster nei stille tocht foar Roan: "Het verdriet is onmetelijk"

01 jan 2020 - 21:34

Nei de stille tocht foar Roan Brilstra (16) yn Drachten betanke boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân alle oanwêzigen. "Wat is het ongelooflijk mooi dat jullie hier zijn. Voor Roan, voor de familie, voor alle vrienden. Want het verdriet is onmetelijk."

Boargemaster Jan Rijpstra nei de stille tocht:

Rijpstra omskreau de ôfrûne perioade: "Het was een periode tussen hoop en vrees. En nadat Roan 16 jaar was geworden, overleed hij. Bij het bezoek aan zijn ouders was er natuurlijk ook verdriet bij iedereen. Dat verdriet blijft. maar omdat jullie hier met zovelen zijn, geef je toch een beetje steun aan de familie. Roan blijft doorleven."

Bylden fan de stille tocht troch Drachten:

Roan Brilstra waard op 22 desimber delstutsen oan de Zuidkade yn Drachten. In wike letter stoar er yn it sikehûs. De boargemaster hat it oer gefoelens fan ûnmacht. "Er gebeurt heel veel waarvan we denken: waarom? Hoe kan het? Dat is hierbij ook zo. Ik voel zelf ook het verdriet, de onmacht en ook de woede."

'Praat deroer'

"Dit had niet mogen gebeuren. maar het is gebeurd", sei Rijpstra. "Roan is er niet meer. Het betekent ook dat er nu een periode komt dat jullie er moeten zijn voor de familie en voor elkaar. Praat erover. Ook op de scholen, alsjeblieft. En ook met ons, met de gemeente. De deur staat open."

We leven in Nederland in een rechtsstaat en ik wil dat alsjeblieft zo houden.

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân

Yn de jûn fan it stekynsidint waarden twa fertochten, jonges fan 14 en 15 jier, oanholden. Sy sitte fêst. Rijpstra sei nei de stille tocht dat er net wol dat minsken it rjocht yn eigen hannen nimme: "Er komt nog een periode waarin verdachten worden bekeken, waarin er wordt gekeken naar wat er gebeurd is. We leven in Nederland in een rechtsstaat en ik wil dat alsjeblieft zo houden. Het recht gaat erover, niet wij. Het recht bepaalt wat er gebeurd is."

Wurden fan Martin Luther King

Dêrby helle Rijpstra de wurden oan fan Martin Luther King: "Hij zei: 'Haat verlamt het leven, maar liefde laat het los. Haat verwart het leven, maar liefde harmoniseert het. Haat maakt het leven donkerder, liefde verlicht het.' Ik vraag aan jullie allemaal: geef elkaar de liefde, geef liefde aan de familie, laat zien dat jullie er zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)