FIDEO: Nei hast in kwart iuw hâldt Johan op mei de SRV-wein

Foar in soad minsken betsjut 1 jannewaris in nij begjin. Mar foar Johan Feenstra betsjut it de ein fan in tiidrek. Hy en syn SRV-wein binne in begryp yn Súdwest-Fryslân, dêr't er de boadskippen by de minsken thús brocht. Mar syn klantekring wurdt âlder en it wurdt hieltyd lestiger om de motor draaiende te hâlden, dus komt der nei hast in kwart iuw dochs in ein oan syn ridende winkel.
SRV-man hâldt op