2.500 minsken yn stille tocht foar Roan Brilstra: "Hjir moatte je by wêze"

01 jan 2020 - 23:05

2.500 minsken ha woansdeitejûn meirûn yn de stille tocht yn Drachten foar de 16-jierrige Roan Brilstra. Hy is it slachtoffer fan in stekynsidint op 22 desimber yn Drachten. Ofrûne moandei stoar Roan yn it sikehûs oan syn ferwûningen.

Foarop rûnen leeftiidsgenoaten fan Roan mei in spandoek, mei dêrop de tekst 'Lieve Roan, je hebt je bewezen! Je bent een echte soldaat, een echte vechter. Maar helaas de strijd verloren. Stop zinloos geweld'.

De gemeente tocht earst dat der tusken de 500 en 1.000 minsken meirûnen. Letter ferklearre boargemaster Rijpstra dat it der sa'n 2.500 wiene.

Tusken de 500 en 1000 minsken rinne mei - Foto: ProNews

De stille tocht begûn by it Sportcentrum Drachten. De tocht gie lâns it hûs fan Roan del en einige op de hoeke fan de Súdkade en de Drift, by kafee Pietje Bel. Dat is it plak dêr't Roan delstutsen waard. By it kafee lizze minsken al dagen blommen del, ek jûn wer.

Ek boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân rûn mei. "Je moet je voorstellen dat de gevoelens enorm zijn, enorm verdriet, maar ook het gevoel van wraak, van: jongens, wat is hier gebeurd?", seit er tsjin de NOS. "Dat wil ik echt deëscaleren. We zijn bezig om het verdriet van mensen te verwerken. Het recht in eigen hand nemen, dat is iets wat wij niet willen."

Reaksjes fan minsken dy't meirûnen mei de stille tocht:

De oanlieding foar de stekpartij is noch hieltyd net dúdlik. De fertochten, twa jonges fan 14 en 15, sitte fêst. De stille tocht wurdt organisearre troch famylje en freonen fan Roan.

(advertinsje)
(advertinsje)