MInsken fertille har oan tsiis

09 jul 2012 - 20:27

Meiwurkers yn tsiisfabriken sjouwe noch altyd tefolle mei swiere tsizen. De ôfrûne jierren hat de tsiissektor wol maatregels nommen om de oerbelesting fan de meiwurkers tsjin te gean, mar út kontrôles fan de ynspeksje hat bliken dien dat der noch in soad te ferbetterjen falt.

Fan de tsiisfabriken hie ferline jier in tredde part de saken net goed foarelkoar. De oerbelesting spilet foaral by it laden en lossen fan de swiere tsizen fan soms wol 12 kilo it stik. It ynterne transport giet faak al hielendal automatysk.

Trefwurden: 
tsiis sjouwe
(advertinsje)