Ultra-atleet Stefan van der Pal swimt by Alvestêdetocht earst nei Dokkum

01 jan 2020 - 19:01

Ultra-atleet Stefan van der Pal sil by syn swimalvestêdetocht om de noard swimme. Dat betsjut dat er earst fan Ljouwert nei Dokkum swimme sil en dan sa nei it suden ta. Gewoanwei is de tocht fan Ljouwert nei Snits en sa it suden fan Fryslân yn.

Stefan van der Pal oer syn plannen yn 2020:

Van der Pal kiest foar dizze opsje nei oanlieding fan de skiednis fan de Alvestêdetocht. De earste offisjele tocht op redens yn 1909 waard ek oer dy rûte riden. Dat hat Stefan van der Pal derta brocht om it no ek sa te dwaan. Boppedat hat dizze rûte it foardiel dat de stêden oan de ein fan de tocht ek wat tichter by elkoar lizze.

Oer wannear't de atleet út Ljouwert de Alvestêdetocht dit jier swimme sil, wol er him noch net útlitte. "We willen op de juiste manier in gesprek gaan met iedereen en op het juiste moment, dat wij kiezen, bekendmaken wanneer het zal zijn", seit Van der Pal. Hy is al drok yn training. Yn desimber hat er al in meunstertraining hân en ek op nijjiersdei leit er yn it wetter.

Skoalbern by de tocht belûke

Ek skoalbern sille belutsen wurde by de tocht. Van der Pal wit noch net krekt hoe, mar dat komt noch. Hy wol wat dwaan mei de skoalbern, omdat hysels en ek syn frou yn it ûnderwiis wurkje.

Stefan van der Pal hat nei oktober gjin kontakt mear hân mei Maarten van der Weijden. Dy makke doe bekend dat de tocht fan Stefan van der Pal net paste yn syn plannen fan in tocht mei bekende Nederlanners. De beide mannen gean no folslein har eigen wei.

(advertinsje)
(advertinsje)