Arjan Stroetinga ûnttroane as nasjonaal kampioen maratonriden

01 jan 2020 - 18:52

Arjan Stroetinga is net foar de achtste kear Nederlânsk kampioen maratonreedriden wurden. Op it kampioenskip yn Enschede waard er op nijjiersdei tredde. De titel gie nei Gary Hekman, dy't yn de sprint de rapste wie. Sjoerd den Hertog waard twadde.

It wie in wedstriid sûnder in protte hichtepunten. De ploegen AB-Vakwerk en Royal A-ware, dy't de measte favoriten ha, holden it tempo heech en soargen derfoar dat der hast gjinien ûntsnappe koe.

Arjan Stroetinga:

Nei 44 rûntsjes wie der in falpartij mei Bob de Vries en Robert Bovenhuis. Sy stapten beide út de race, wat betsjutte dat Stroetinga twa helpers minder hie.

Dat wie yn it foardiel fan AB-Vakwerk, de ploech fan twa grutte konkurrinten fan Stroetinga: Gary Hekman en Bart Hoolwerf.

Coach Jillert Anema fan Royal A-ware:

Stroetinga hie Jorrit Bergsma noch wol as ploechgenoat foaryn sitten. Bergsma fierde twa rûntsjes foar de ein it tempo op, mei Stroetinga yn 'e rêch. In heal rûntsje foar de finish gong Stroetinga oan, mar nei in duel yn de lêste bocht mei Hekman lei er op efterstân. Dat koe er net mear goedmeitsje op it lêste rjochte stik.

It is foar de 31-jierrige Hekman syn earste nasjonale titel.

Arjan Stroetinga (rjochts) moat dit jier de titel litte oan Gary Hekman - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)
(advertinsje)