Sulver foar Groenewoud en brûns foar Kamminga op NK maraton

01 jan 2020 - 16:58

It is de Fryske maratonreedrydsters krekt net slagge om te stunten op it NK maraton: de titel yn Enschede gie foar de fyfde kear nei Irene Schouten. Se fersloech de Friezinnen Marijke Groenewoud en Manon Kamminga yn de sprint.

Betiid yn de wedstriid wie der koart in kopgroepke fan fjouwer, mei dêryn twa Friezinnen: Merel Bosma en Marijke Groenewoud. Sy lieten har werom sakje en ek de rest fan it groepke hold de foarsprong net fêst.

Kleibeuker hellet kopgroepen werom

Dêrnei ûntstie in gruttere kopgroep: sân rydsters pakten in aardige foarsprong. Yvonne Nauta siet der ek by. Mar de ploech Royal A-ware fan topfavoryt Irene Schouten kontrolearre alles. Carien Kleibeuker liet it ferskil net grut wurde. De ploech woe graach in massastart, want dêrop is Schouten al seizoenen lang de sterkste.

Nei santich fan de hûndert rûntsjes wie de kopgroep wer byhelle. En der kamen mear oanfallen, mar de hiele tiid jilde itselde: alle oanfallen wiene nei in pear rûntsjes neutralisearre, foar in grut part troch Kleibeuker.

Marijke Groenewoud nei ôfrin:

Schouten op gelikense hichte mei Atje Keulen-Deelstra

Yn de lêste tsien rûntsjes siet it hiele peloton byinoar. Schouten siet yn ideale posysje en dy fersulvere se ek. Yn de einsprint naam se al gau in foarsprong op Groenewoud en Kamminga. Dat wiene de iennige twa dy't noch in bytsje yn de buert fan Schouten bliuwe koene, mar se kamen der net mear foarby.

Marijke Groenewoud en Manon Kamminga finishe efter Irene Schouten - Foto: www.orange-pictures.nl

Mei har fyfde nasjonale titel komt de 27-jierrige Schouten op gelikense hichte mei Atje Keulen-Deelstra. Sy waard yn 1975, 1976, 1977, 1978 en 1980 kampioen op de maraton.

Manon Kamminga oer de wedstriid:

(advertinsje)
(advertinsje)