Frou mishannele yn Goutum, plysje hâldt man út Lelystêd oan

01 jan 2020 - 16:39

De plysje hat in man fan 44 jier út Lelystêd oanholden yn Ljouwert. Hy wurdt derfan fertocht dat er yn de âldjiersnacht in frou mishannele hat yn Goutum.

Foto: ANP

De melding fan de mishanneling kaam om 3.30 oere binnen by de plysje. Koart dêrnei ha se de man op de Wergeasterdyk oanhâlden.

It slachtoffer, ek 44 jier, hat oanjefte dien fan de mishanneling. De fertochte sit fêst.

(advertinsje)
(advertinsje)