FIDEO: Hûnderten Friezen begjinne 2020 mei in dûk yn it kâlde wetter

01 jan 2020 - 16:23

Op ferskate plakken yn Fryslân binne minsken it nije jier begûn mei in dûk yn it kâlde wetter. Yn Drachten gongen sa'n hûndert minsken it wetter oan it Kiryat Onoplein yn en by de Prinsetún yn Ljouwert doarden sa'n fyftich minsken it oan. Dêr siet ek ien by in in rolstoel.

En by De Lemmer begûnen ek tsientallen minsken fris oan it nije jier:

Yn Jobbegea wie der in hege opkomst by it natoerswimbad: wol 130 minsken dy't dêr it wetter yn dûkten. De dielnimmers krigen nei ôfrin in medalje:

Trefwurden: 
âld en nij nijjiersdûken
(advertinsje)
(advertinsje)