Keunstgersfjild VC Trynwâlden skansearre, mooglik troch karbidsjitten

It keunstgersfjild fan VC Trynwâlden yn Oentsjerk is op âldjiersdei skansearre rekke. De klup tinkt dat it mooglik komt troch karbidsjitterij.
Keunstgersfjild
Der binne op âldjiersdei wat minsken sjoen dy't oan it karbidsjitten wiene op it parkearplak fan Kaetsjemuoilân, it sportpark fan de klup. "Blijkbaar was er geen ruimte meer over op een stukje weiland ergens in de buurt, dus dan ga je maar op de parkeerplaats carbidschieten, met waarschijnlijk als gevolg dat het kunstgras zwaar is beschadigd", skriuwt de klup op Facebook.
De klup seit wol dat it net wis is dat de skea troch karbidsjitten kaam is. Se roppe minsken dy't mear witte op om har te melden. De klup sil tongersdei yn petear mei de gemeente. Se witte noch net wat de kosten fan de skea binne.