Nijjiersstunters De Folgeren hawwe oplossing foar stikstofkrisis

De âldjiersploech Frijsteat De Folgeren yn Drachten hat wol in oplossing foar de stikstokproblemen. De ploech hat by wize fan ludyk idee twa âlde bussen en in hynstetram mei plastik hynder opsteld.
Bussen en in hynstetram as nijjiersstunt op de Folgeren
De stikstofproblematyk soe op te lossen wêzen mei fergees iepenbier ferfier wêrmei't de boeren as stikstofútstjitters frijspile wurde. De âldjiersploech hat der seker in heal oere op stind om ta dizze stunt te kommen, seit foarsitter Leon Bouma fan Frijsteat Folgeren grapjeiend. Dêrnei moast der fansels wol it ien en oar fersleept wurde sûnder dat de eigeners it yn 'e gaten hienen. Dat slagge en de trije eigeners witte no wêr't harren bussen, tram en hynder bedarre binne.
Gjin muzyk by de nijjiersstunt op De Folgeren fanwege it ferstjerren fan 16-jierrige jonge út Drachten © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ferline jier helle de ploech race-auto's nei De Folgeren. Oare jierren wie der altyd muzyk by de presintaasje op De Folgeren, mar no net. Dat is dien út respekt foar de 16-jierrige jonge dy't koartlyn yn Drachten deastutsen is.