Drokkere jierwiksel by sikehuzen, brânwacht hie it wat rêstiger

De Fryske sikehuzen hawwe it dizze jierwiksel drokker hân as oare jierren. Der kamen fjoerwurkslachtoffers binnen, mar ek minsken mei fergiftigingen troch drank en ferkearsslachtoffers, ûnder oare troch de twa grutte kettingbotsingen yn tichte mist. Mei-inoar binne yn de sikehuzen fan It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert sa'n tritich minsken holpen yn de âldjiersnacht.
Drokkere jierwiksel
Yn MCL binne seis fjoerwurkslachtoffers mei benammen gesichts- en eachferwûningen behannele. Fiif pasjinten kamen binnen mei alkoholfergiftiging.
De drokte yn sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean kaam benammen troch de kettingbotsingen oan it begjin fan de jûn op de A32 en de A7. Yn it Feanster sikehûs waarden gjin fjoerwurkslachtoffers binnenbrocht, mar wol pasjinten mei in fergiftiging troch alkohol.
Nij Smellinghe yn Drachten moast ien fjoerwurkslachtoffer behannelje en trije minsken mei in alkoholfergiftiging.

Grutste brânwachtynset op A32 en A7

De brânwacht hie it wat rêstiger as ferline jier. Sy moasten 83 kear yn aksje komme. De grutste ynset wie by de botsingen op de A32 en de A7.
Ingrid Weert

Plysje drok mei ûngelokken

De plysje wie benammen drok mei de twa grutte ûngelokken op de A7 en A32. It kaam haadoffisier fan tsjinst Susanne Huijing dan ek goed út dat it fierder in relatyf kalme âldjiersnacht wie yn Fryslân. Huijing wie der ek goed oer te sprekken dat dizze jierwiksel yn Fryslân net ien helpferliener of plysjeman yn it wurk hindere of lestich fallen is.
Yn Grinslân gie it oars; yn Muntendam en Oude Pekela waarden helpferlieners mei fjoerwurk bestookt. Op it earste plak rekke dêrby sels in plysjeman licht ferwûne. Huijing baalt dêrfan. Helpferlieners en plysjes moatte feilich wurkje kinne en nei ôfrin ek wer feilich nei hûs, seit Huijing.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer âldjiersnacht